Skriuwer fan ‘ De Sûnderes ’, Eelco Venema, groeide op yn de Súdwesthoeke. Eelco is sûnt 2000 wurksum yn it teäter. It is breed foar dit teäterbist, want hy aktearre, regissearre, dosearre en skreau ferskate toanielteksten. Sûnt lange tiid is er ferbûn as spiler en skriuwer oan Tryater en hat er ek syn eigen teätergroep HOMSK.
Eelco hat neist it profesjonele teäter ek in grutte leafde foar it amateurteäter. Troch de jierren hinne wurke hy oan ferskate projekten lykas it Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum, lokaasjeproduksjes foar ATOL yn Sint-Nyk en earder yn 2018 foar Iepenloftspul Bantegea mei “Weispield”. Dêrneist jout er les oan de rezjykursus en skriuwersoplieding fan Keunstwurk.