We ha in kûpstoeltribune, mar in meinommen kessentsje sit fansels noch better.
Der jildt in frije sit.
It kuollet jûns dochs noch behoarlik ôf. In tekkentsje en waarme klean is gjin oerstallige lúkse.
Der komt ek noch wolris wat ûnútnûge publyk…, antymiggestift is ek altyd handich.
De yngong fan it terrein en it adres foar jo navigaasjesysteem is Middenweg 158, 8538 XH yn Bantega.
It terrein en de hoareka binne iepene om 19:30 oere. Foar elke besiker is der in fergees bakje kofje of tee.
De stek fan de tribune giet om 20:30 oere iepen. As elkenien plaknommen hat, begjint de foarstelling.
Binne jo ynfalide of min op ‘e gong? Nim efkes kontakt op fia info@iepenloftspulbantegea.nl of 0610 06 81 83.
Der kin pind wurde!