Ferneamd berneboekenskriuwster Nina komt werom nei har bertegrûn. Krekt bûten it doarp, wêr’t se hikke en tein is, leit in lyts wetterke dat de Bantegeasters de Kolk neame. Dit is it plak wêr’t Nina sawat eltse nacht in har dreamen meisûcht wurdt yn in draaikolk de ûnmjitlike djipte yn. Hjoed hat se besletten om in antwurd te finen op de fraach wêrom’t dizze nachtmerje har sa pleaget. By de Kolk moetet de praatske Nina de swijsume Frâns. Se hellet him oer om tegearre mei har ferhalen te betinken oer wat er allegear op dit plak bart is of barre kinne soe. De ferhalen komme ta libben en bringe Nina stadichoan tichter by it antwurd dat djip yn har ferburgen leit.
De Sûnderes is in komysk en magysk teaterstik op in bysûndere lokaasje. It is in ferhaal oer fantasy, freonskip, fertwiveling en it weromfine fan dysels.
De foarstellingen starte om 20:30 oere. “De Sûnderes” wurdt útfierd neist en op De Kolk, tsjinoer Middenweg 158, 8538 XH yn Bantegea.